Ik wol sa graach in drumstel ha
mei basedrum, bekkens, tromme.
It liket my geweldich ta,
soe it der oait fan komme?
Ik bin pas yn myn elemint
mei trommeljen en tikjen.
Ik wol graach spylje yn in band,
de hitlisten berikke!
Safier is it no lang noch net,
‘k moat earst in drumstel krije.
Mar heit en mem sizze beret:
‘Wy wolle it net lije.
Tink om de buorlju en om ús,
soks dinder’t fierste folle.
Sa’n ding komt hjir net yn ‘e hûs,
dat moatst gewoan net wolle’ .
Mar ja, dat wol ik no krekt àl,
al jout it noch sa’n leven.
Mem fynt it yn ‘e hûs te fol.
Heit tinkt: ’t is mar foar even.
Se miene, ’t giet wol wer foarby.
Se moatte der om laitsje.
In drumstel is it wier foar my;
hoe kin ‘k dat dúdlik meitsje?
Wacht! Pake wennet bûtenút,
wy kinne goed tegearre.
Al is er dôf, ’t komt no goed út,
hy sil der neat fan hearre.
As ik dêr drumme mei miskien..?
By pake soe it kinne!
Ik sjoch it net mear tsjuster yn,
ik sil der daliks hinne.
(net earder publisearre)