troch: ytsje hettinga
yn ‘e winkelstrjitte de mannichte makket in hage wy ferjitte it frijen do bist de kening as in fearke licht hommels skynt de sinne
krûpst my oan
noas tsjin noas
each yn each
hân yn hân
sweve wy
op in eilân
yn de minskesee
wy sjogge fage gesichten
hannen klappe
mûlen sjonge earst sêft
dan in jûchheien
sûnder ús wollen
tille se ús boppe harren hollen
alle feinten en fammen
roppe ús nammen
ik dyn keninginne
it feest kin begjinne
fan alle kanten roppe se
kom kom
draai ik my om
my yn ‘t gesicht
myn dreamde leafde
wurdt wei yn in gedicht