A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Dreambyld

troch: Meintsje Brouwer

´k Hear noch de see yn ’t
rûzjen fan ‘e beammen en as ik
myn skulpen droegje
ien foar ien
priuw ik it sâlt
sjoch foar myn eagen
wylde weagen rôljen
in fiskersskipke
wrakselet, wylst oan de einder
hast de sinne sinkt
wyt sûkersân glydt
súntsjes troch myn fingers
lykas de tiid, dy’t
hastich fierder giet
sa sjoch ik dy wer
yn ’t tiidleas
kolkjen, brûskjen, mar
brâning
slacht myn tinzen
hieltyd
stikken op it strân.


net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.