in rêchsek leit ferlitten op it plein
de rits as mûle dy’t om siken wrot
in raffelich papier rydbosket yn ‘e wyn
yn ‘e skoalle sweevje spoaren
fan kûgels dy’t troch de gongen fluiten
en reade rûntes lutsen op ‘e flier
thús steane sportskuon op ‘e matte
in stoel wachtet by de iterstafel
‘oant jûn’ wie in wurd om ‘e nocht
in rêchsek leit yn in see fan blommen
foar sântjin nammen yn wite weagen
fan roazen dy’t net bloeie sille