A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

do kenst se wol

troch: Tsjerk Veenstra

foar Sanne dy’t net swijt
do kenst se wol, grif:
sy mei har fetfoute air,
hy mei syn te goedkeape bril
en dy docht krekt wat te populêr.
en sy, ik wit net wêr’t it oan leit,
omdat se te freonlik goeie seit?
do kenst se wol, ja dochs?
hy mei syn macho branykop,
sa’n klupke dat smûzjend smyspelt,
noait steane de mûlen stop.
en sy, ik mei har oars wol lije,
kin mei elk de flier oanfeie.
do kenst se wol, wa net!
sy giet stil har eigen wegen,
hy kin ’t mei elk wol fine.
en sokken, altyd wat ferlegen,
dy’t allinne mar swije,
litte neat net skine.
kensto dysels?
ik koe mysels net!
dan wie ‘k de ien
en soms wer de oare,
dan in hert fan stien,
soms samar wer feroare
ta laits of trien.
do kenst se wol,
se sitte by dy yn de groep.
ik wie te populêr,
ik hie tefolle freondinnen,
ik wie har wat te sekundêr.
nimmen mear om my hinne,
hieltyd mear allinne.
it frettend fielen fan skouderjen
it skrinen fan it lêbich rabjen
kensto dysels?
ik koe mysels net!
ik wit net hoe’t ik it hie;
frege har planút wat it wie.
se wist it net, se smyspele wat,
se miende it net; ik sei, leave skat,
dyn sorry komt te let; ik pik it net!
no ken ik mysels:
frij spring ik der foar
en freegje it wurd:
kensto dysels, kensto in oar?
wolsto dat wêze, sa haatlik en hurd?
en do, dochsto it swijen derta?
wolst der gjin gedoente mei ha?
stean om my hinne;
lit my net allinne!

út: argyf FeRstival