jou ta
in som te dielen
pi ûneinich te fielen
hûndert kear
of minder, of mear
spesifyk
yn grafyk
of tabel
en fertel
in ferhaal
fertikaal
parallel
ja, parallel
mear kâns op
minder down
mar top
de hoeke om
sjoch net werom
tink tsien
ferjit ien
do kwadraat
nea mear skiede
nea mear skaad
mar sinne
foar dy allinne
en in bytsje foar my
tel ús tegearre
in prachtige som
Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023
FeRstival 2025 - finale
Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.
Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.
- Sneon 25 jannewaris
- 13.30 oere
- Posthuis Theater, It Hearrenfean