troch: Baukje Wytsma
Dit lân, ik haw it heard Dit lân, ik haw it sjoen Dit lân, ik haw it preaun Dit lân, ik haw it rûkt Dit lân, ik haw it field mar lykwols, (Út: argyf FeRsefariaasje)
it gûlen fan de noardewyn,
it skuorren fan it iis,
bekende stimmen yn de nacht.
it wylde wetter fan de mar,
de wolken dy’t op reuzen lykje,
de minsken dy’t myn namme witte.
reidsnilen tusken de tosken
de swarte beien by it lege stek
de skilen fan in wylgetûke.
it meande gers by jûn,
de rook fan baarnend hout,
de flearen by de feart.
it laitsjen fan ús mem,
it lokjen fan de see,
it weagjen fan de grûn
dit lân kin sûnder dy
myn lân net wêze.