Dit lân, ik haw it heard
it gûlen fan de noardewyn,
it skuorren fan it iis,
bekende stimmen yn de nacht.
Dit lân, ik haw it sjoen
it wylde wetter fan de mar,
de wolken dy’t op reuzen lykje,
de minsken dy’t myn namme witte.
Dit lân, ik haw it preaun
reidsnilen tusken de tosken
de swarte beien by it lege stek
de skilen fan in wylgetûke.
Dit lân, ik haw it rûkt
it meande gers by jûn,
de rook fan baarnend hout,
de flearen by de feart.
Dit lân, ik haw it field
it laitsjen fan ús mem,
it lokjen fan de see,
it weagjen fan de grûn
mar lykwols,
dit lân kin sûnder dy
myn lân net wêze.