A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Dit hûs

troch: Janneke Spoelstra

komme mûzefergifpantsjes
út ‘e hoalen, mei lêste keutels
skiten of earste fan in nije pleach
fiert houtwjirm heechtijdagen


sloop in âlde muorre
graaf de dampe flier út
goai de groppe ticht
mar lit it bûthúspaad
bliuwe glêdsliten gieltsjes
boaiem ûnder in bestean


jout de grûn priis wat der groeid is
sjogge se ús op ‘e hannen
in pake, in heit, in omke
sit in beppe op ‘e reinwettersbak
poppe op ‘e earm


it giet om wat goed giet, tink ik


de beam dy’t bloeit, it aai dat lein
de bei dy’t ryp, it bern dat grut wurdt


draait mûne werom
bringe muoikes muoikesezers
noch foar de nacht werom
fladderst tusken flearmûs en flear


leart in hin dy, sa skarrelst noch
om en sa net mear


treast leit op ‘e bank, it hûntsje
yn ‘e hoksen, dat mei dy
nei Hjoed sjocht en suchtet

 

(út: De Moanne, nû. 7, 2006)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.