A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

der stie in parrebeam yn appelskea

troch: Eppie Dam

der stie in parrebeam yn appelskea
de tûken swier de fruchten sjoch
doe kaam de jager mei syn jachtgewear
en skeat der twa pûn hagel troch

der stie in arrebeam yn pappelskea
de twigen noch yntakt miskyn
doe kaam de hofker mei syn hageskjir
en blekkendekkere alles fyn

der stie in apebeam yn parelsgea
teloargien troch de wylde wryt
doe kaam de dichter mei syn guozzefear
en skoep in nije werklikhyd

der stiet in appelbeam yn parregea
de stûken swier de fruchten sjoch
aanst komt de jager mei syn jachtgewear
en sjit der twa pûn hagel troch

(Ut: Hjir, nû. 2, 1995)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.