A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Der hat in tiid west

troch: D.A. Tammlnga

Der hat in tiid west
sa leare ús de fossile fynsten
dat de kontininten fan Grienlân oant Fjoerlân
befolke wiene mei reuzereptilen,
dinosauriërs,
roppige, út har krêft groeide meunsters
dy’t wat de ierde opjoech oan beam en plant
kealfrieten en sa har eigen grêf dolden,
har eigen miljeu ferneatigen.
Fraatsucht waard dizze titanen oermânsk,
en hja stoaren
yn in lêst gefjocht om it lêste grien.
Mei al har bizarre oanfalswapens,
dekskylden, grypkloeren, sabeltosken,
sakken se wei yn ‘e buoljende moerasdridze
fan de oertiid.
Dy tiid hat west…
Hat west..?
Notiids, aeoanen letter,
liket in nije selsdeader opstien te wêzen,
syn namme is Homo Sapiens.
Uneinich finer bewurktuge as de sauriër
fret er it eigen libbensfermidden oan,
fermuozzet wat de ierde yn bewar joech,
djip yn ‘e bûtenste skyl bedobbe,
en stookt it om ta ljocht, ta waarmte, ta krêft…

Út: argyf FeRsefariaasje