A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Der binne fan dy dingen

troch: Berber van der Geest

der binne fan dy dingen
net te fangen yn dyn hân
fier op in ôfstân bewege se
en by eltse stap wat tichterby
wurde se wei

noch nyskes mocht ik skûlje
ûnder ien en itselde dak
wy praten en wy glimken samar wat
ien sigentsje en dan
dy flap fan in doar
en alles is wei

krekt nyskes noch wy flanteren
oer ien en itselde paad
teantsjende wei en taastend om dat
hiel lyts bytsje hâld
mar dan dat boerd
dearinnende dyk en alles is
lyk mei de grûn

der binne fan dy dingen
net te fangen yn dyn hân
fier op in ôfstân bewege se
en by eltse stap wat tichterby
wurde se wei

(út: Der binne fan dy dingen, 1975)