A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De wite haai

troch: Tsjits Peanstra

In wite haai yn d’ oseaan
sei op in dei: it is gjin dwaan
sa smoarch wurdt hjir it wetter;
ik hâld myn fel mar amper skjin
en ek de smaak is fiis en min
en net in greintsje better.

 

Mar hoe’t se klage en stind’ en die
it joech har neat, it wetter wie
breinsâlt en net te drinken;
wat sil ik no, sa tocht it bist
want aanst dan stik ik hjir beslist,
ik moat wat oars betinke.

 

En op in dei swom se brutaal
it Hollânsk Djip op en de Waal,
’t wie suver om te skriemen;
se hie in buordsje op ‘e kop
dêr stie mei grutte letters op:
HALD NO RIS OP TE GRIEMEN.

 

En alle minsken op ‘e wâl
dy seagen wol in bytsje mâl
mar setten doch de kranen stop,
ek de fabriken hâlden op
en stadich waard it wetter
wer folle, folle better;
de wite haai swom woltefree
op ’t lêst ek wer werom nei see
en die fan klearebare noft
in spronkje yn ‘e loft.

 

(út: Neierhân)