A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

de trui de reis…

troch: ytsje hettinga

hy sit foar my
it rjochter skouder heger
as it lofter
de rêch bûgjend
as er it giele t-shirt oan hat
sjoch ik de rêchbonke


by de swarte trui net
dan is de rêch
in kessentsje dat sykhellet
teminsten as er stil sit
dat docht er net faak
stilsitte


hy is altyd yn beweech dy rêch
de earms en de nekke mei de hierkes ek
en de holle mei de ljochte krollen


‘hoi’, seit er gauris tsjin my
‘hoi’, sis ik werom
ik wol dan noch wat sizze mar
wit sa gau net wat


‘hoi, ik gean’, sei er juster
‘okee, goede reis, hoi’ kloppe my it hert
de trui fytste in oare kant út as oars


hjoed binne se der net de skouders
de rêchbonke net yn it giele shirt
net it kessentsje yn azemritme
gjin hierkes yn de nekke
gjin krollen yn beweech


de klasse gûnzet fan ferhalen
fraachtekens roppe om it lûdst
ús ‘hoi-hoi’ raast my noch troch de holle


stil de stoel foar my oer


net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.