A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De treasteleaze rein

troch: Jelle Bangma

Ik bin de simmer kwyt, wêr is er keard?
Ynienen wie er samar oan ‘e ein,
wylst wy tegearre alle dagen seagen
hoe’t sinnestrielen spatten út ‘e feart.
No slacht tsjin ’t rút de treasteleaze rein.

 

De simmer hie ús nije wurden leard,
wy hawwe oeren yn ‘e sinne lein.
asto der wiest, sa’t dan de oeren fleagen.
No bin ‘k dy kwyt, wat gong der dan ferkeard?
No slacht tsjin ’t rút de treasteleaze rein.

 

De dagen binne no sa swier as lead,
ik fiel my sa ferlitten en ferslein.
Ik tink oan dy en hein dyn eagen,
mar al myn sykjen stûket yn it neat.
No slacht tsjin ’t rút de treasteleaze rein.

 

In briefke mei in hertsje lyts en read,
do wiest op my, dat hasto skreaun en sein.
Mar ’t liket krekt as wie ’t ien grutte leagen.
Hurd slacht tsjin ’t rút de treasteleaze rein.

 

Ut: FeRsefariaasje, 1998

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.