Hast wolris nei de stjerren sjoen,
soesto se telle kinne?
Moatst mar ris riede op in jûn
hoefolle it der binne.
Hast wolris neitocht hoe’t it sit,
sa’n stjer dat is in sinne,
mei allerhande soarten fan
planeten deromhinne.
Moatst foar de aardichheid ris dwaan,
ienkear gewoan besykje.
Mar tsien minuten, in kertier,
hoe lyts as wy dan lykje.
Foardatst it witste, dreamsto fuort,
‘t is altyd wer in wûnder;
dat fjild mei stjerren yn ‘e loft,
en wy, hiel lyts, dêrûnder.