A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De stien

troch: ytsje hettinga

yn stille tochten
tsjin sinleas geweld
hat er by fakkelljochten
tûzenen minsken teld


hy sjocht se rinnen
ken de eangsten
wit fan harren ûnmacht
yn it kinnen


hy makket it alle kearen mei
skonken dy’t skeuvelje
mûlen dy’t swije


in earm om in skouder
in hân yn in hân
in trien op in wang


as in wachter stiet er oan
de wei, wiet yn ‘e rein
klomsk yn ‘e kjeld


by nacht raze lju him yn ‘e earen
spuie dronkemanspraat oer
syn stiennen hûd


mar altyd tinkt er as it mar
bliuwt by wurden, gjin rebûlje mei
slaan of skoppen


gjin messen
my op ‘e tiid yn de eagen sjogge
dan bin ‘k hjir net om ‘e nocht


net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.