troch: Jurjen van der Meer
Doe kamen de soldaten, Oan alle libben op ‘e wrâld Der kamen blommen yn it fjild De hiele ierde libbe wer fan de cd ‘Ier of Let’ fan Irolt
de himel kleure rea.
In tongerslach sloech oer de wrâld
en dêrnei kaam de dea.
En doe ‘t op ‘t lêst de stilte foel,
doe wie der neat mear oer.
De loft wie griis, it lân lei swart,
fertarre troch it fjoer.
kaam op dy dei in ein.
Der waaide jiske oer it gea,
doe kaam de mylde rein.
It wetter sloech de jiske del
en foarme fruchtbere grûn.
En doe ynienen sprute it grien
wer oeral yn it rûn.
en flinters dûnsen frij.
Der wiene fûgels yn ‘e loft
en alles wie wer nij.
En man en frou bewurken wer
elk jier opnij it lân.
Der stiene bisten op ‘e stâl,
der boarten bern yn ‘t sân.
en alles wie wer goed.
Doe waard de minske wer in wolf
en floeide ‘t earste bloed.
Doe kamen de soldaten,
de himel kleure rea.
In tongerslach sloech oer de wrâld
en dêrnei kaam de dea…
en de cd ‘Beklonken Leafde’ fan Bauke van der Woude