troch: Ytsje Hettinga
ik wit net wat der mei my is der is foargoed wat mis dan wer ha ik pine yn ’e holle in oare kear is ’t iten my tefolle jûns lis ik op bêd te draaien de holle is my net te daaien moarns wol ik der net ôf as ús mem my ropt hâld ik my dôf op skoalle ha ’k in min sin myn sifers sakje ôf nei min de leararen dogge allegear stom yn ’e kantine goai ik fan alles om freondinnen snappe soks net fan my sizze: ‘sa asto dochst, is neat foar dy’ mar Lise die lêsten ek hiel dom, faaks fleagen yn har búk ek flinters om graach wol ik oars, al soe ‘k net witte hoelang dy kribels my noch yn it liif sitte miskien dat it nije wike better giet as dy skoffeljonge net langer yn ‘e skoaltún stiet