A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De see

troch: Tekst: Toon Hermans Oersetting: Grytsje Kingma

Lit my allinne mei de see,
lit my allinne mei it strân,
’k wol myn siel wat driuwe litte,
los fan liif en fan ferstân.


Lit my mar in bytsje dreame
op de streamen fan gefoel
en de see, ik wit it seker,
dat se wit wat ik bedoel.


Lit my allinne mei de weagen,
dy’t my drage hiel dit skoft.
Ik wol lúst’rje nei myn azem,
my ferbine oan ’e loft.


Lit my lúst’rje nei myn swijen,
dan sil ik wer fierder gean
en de see, ik wit it seker,
sil myn swijen wol ferstean.