A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De reis

troch: Tiny Mulder

Giesto op reis?
Dan giest om wat te finen:
in faach besef faaks earst, mar geandewei
begjint it garjen. Meastal lytse dingen:
in ûnbekende beam, in blom, in fûgellûd, in taal,
en njonkelytsen kleuret
de sûnt de bernetiid ferblikte keunst
fan de ferwûndering.

Giesto op reis? Do silst fan alles fine:
in oar besef fan plicht, fan tiid en oere,
in oar besef fan mienskip,
fan nimmen en fan jaan,
in nij kontakt mei ierde, loft en wetter,
in God dy’t eare tabrocht wurdt
op allerhanne wizen,
en dat it allegear net krekt sa hoecht as thús.

Giesto op reis? Faaks silsto wysheid fine:
besef fan it kin sá, mar ’t kin ek oars
en ’t iene is net minder/better as it oare.
Wa’t him fan honk jout en de keunst ferstiet
fan garjen wat it aventoer him biedt
komt riker thús.
Ek thús is net mear ’t selde
as wat men efterliet.

Út: Bitterswiet, 2001