A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De reiden

troch: Meindert Bylsma

In pûstige súdwester
mei sa no en dan
in tichte stower as maat
docht foar de safolste kear
in wraam op ‘e reiden.
Bestive en ferware
yn ‘e rin fan ‘e tiid
tidigje dy
op ‘e lêste linigens.
Fansels draaie de snilen
noch altyd sa en net oars
dat wetter en wyn
amperoan hâldfêst fine.
Net oars as sa
sille se, oan it knappen ta
har tiid útduorje.
Ik soe my
oan it ferhaal
fan sa en net oars
oerjaan kinne,
mar ik wit noch
fan in snyl
in sylboat te meitsjen
en foar de wyn syl ik
oars as sa yn ‘e mjitte.
út: argyf FeRstival