A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De race

troch: Frans J. Sijtsma

Kom op, d’r ôf: it is al let.
Wêr is myn mobyl? Ik sjoch myn sokken net.
De klean gau oan, de gel yn ’t hier,
bôle by de laptop. To start: click here.
Moai sa, moai sa start race en go.
Dy giele earst foarby, plankgas no,
net remje yn ‘e bocht, tink om dy oare,
gau troch read, dit wurdt in hege score.

Hear ik de trein? O nee, ik sjoch ‘m al.
Hurder fyts: do kinst it wol.
Noch krekt troch de doarren: dat wie strak!
En hielendal efteryn is ek noch plak.
Moai sa, moai sa in nije ronde no.
Ik fljoch hyltyd flugger: ik skeur, ik sto,
al 180 kilometer no yn ‘e oere,
links, rjochts, links, wat wol er rimpen stjoere.

It plein is leech, ferhip, ik sjoch gjinien.
Fluch de trep op, de belle is al gien.
Lokkich kin ‘k noch neist myn maten sitte.
Grammatika út 6? Moasten wy dat ek witte?
De falfersnelling sûnder wriuwingsmacht,
Romeinske slaven wurken dei en nacht,
it kwadraat fan pi en dan it logaritme,
to run-ran-run, ik spring – ik sprong, ik hipte!

Moai sa, moai sa – resume race en go.
60, 100, de lêste ronde no,
de brêge giet iepen, no beide tommen oan it stjoer,
it slagget, it slagget, fol gas d’r oer!
Ik lear om te racen.
Ik race om te learen.
Race ik mysels foar alles út?
Lear ik mysels boppe it meanfjild út?

Drave en fleane, drive en fly;
de tiid foarby. Gjin tiid foar my.
De race? Myn race?
Ik wit it net.
Lis ik fier foar?
Of bin ik te let?