A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

de popelier

troch: Ytsje hettinga

sa rizich stie er dêr
de âlde beam
bewoartele yn de grûn
in bytsje skean


de rêch ôfkeard
tsjin ‘e westewyn
skodholjend
wachtsjend op sinneskyn


yn ‘e tûken ferskûle
in libben fol fleur
dat soe er bringe
mei blêden yn kleur


hy dreamde him de maitiid
de simmer
de fûgels
it liet


skrokken waard er wekker
fan seagjend lûd
in kraan
in trekker


syn ieren bliedend
leit er even letter
om syn eigen dea
te skriemen op de ierde

 

net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.