troch: Albertine Soepboer
Om wer sân jier te wêzen. Sa’t it reid rûkt yn ‘e winter. Pake rûkt nei prûmtabak Nachts sitte se by my oan it buro. Se ite brij út de grize panne Ik bin altiten wer sân jier. (Út: De Stobbewylch)
Myn houtsjes skrasse oer de grêft.
Op ‘e souder skimmelet it âlde strie.
Drinkbakken klapperje oan ‘e muorre.
Ien kat wennet hjir noch en
ik wol nei hûs ta.
en fertelt oer syn hynders,
lang lyn, op ‘e pleats. Beppe
skylt bergen ierappels, woartels.
Se swijt. Ik mei gjin stampôt.
Se hawwe noait dea west, sizze se.
Ik huverje en sko de bûthúsdoarren
fan it ûnthâld wiid iepen.
mei de wite fleanwolkjes.
De leppels tikje stadich
yn myn blauwe kûmen.