A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De Oppassintrale

troch: Ina Hoks

Us heit en mem binn’ mei fakânsje.
En no ha ‘k in kat, twa kninen en in hûn.
Sels in geit rint yn ‘e keamer;
ik bin in ‘oppassintrale’ begûn!

 

Dy hûn is as in keal sa grut,
mar hy wol by my op skoat!
Oei! De geit fret mem har planten op
en de knyn de tafelspoat.

 

‘k Sil earst mar mei dy hûn te kuierjen.
Sjoch! Us notaris, Van der Steeg.
Stean ik krekt mei him te praten,
tilt dy hûn syn poat omheech…

 

Wy stowe gau nei hûs ta,
krûpe beide op ‘e bank.
Mar dy leit fol mei swarte ‘dropkes’…
Net te leauwen, wat in stank!

 

Nei fjirtjin dagen sit it hûs
fol mei flieën, dy’t ek noch bite!
En de kat wol elke dei
yn ‘e plantebakken skite.

 

As heit en mem wer thúskomme
is ’t mei myn baantsje dien…
En dy twa kninen? sil jim tinke.
Dat binne der no tsien!

 

(net earder publisearre)