Us heit en mem bin’ mei fakânsje.
En no ha ’k in kat, twa kninen en in hûn.
Sels in geit rint yn ‘e keamer;
ik bin in ‘oppassintrale’ begûn!
Dy hûn is as in keal sa grut,
mar hy wol by my op ’e skoat!
Oei! De geit fret mem har planten op
en de knyn de tafelspoat.
‘k Sil earst mar mei dy hûn te kuierjen.
Sjoch! Us notaris, Van der Steeg.
Stean ik krekt mei him te praten,
tilt dy hûn syn poat omheech…
Wy stowe gau nei hûs ta,
krûpe beide op ‘e bank.
Mar dy leit fol mei swarte ‘dropkes’…
Net te leauwen, wat in stank!
Nei fjirtjin dagen sit it hûsfol mei flieën,
dy’t ek noch bite!
En de kat wol elke dei
yn ‘e plantebakken skite.
As heit en mem wer thúskomme
is ‘t mei myn baantsje dien…
En dy twa kninen? Sil’ jim tinke.
Dat binne der no tsien!