A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De oare wrâld

troch: Lara Kool

It razen
fljocht de trep op
parst himsels
ûnder de doar troch


Rekket my
as ik op myn bêd
krekt te let bin
mei myn koptelefoan


De fuotstappen
donderje nei boppen
de doar
dy bliuwt net ivich ticht


Fluch fluch fluch
myn password toe no
dan sit ik einlings feilich
feilich oan myn nij buro


Roblox laadt hiel stadich op
de spanning hjir is helsk
Skoalle seit dat ik ferslave bin
mar yn in game bin ik mysels