troch: Anky Verburg
Ik tear de earmen om it liif Ik slút de eagen foar de dei No moat de sliep mar sines dwaan, Mar yn my is de ûnrêst baas, Dan hear ik stil de doar, it ljocht Ik ademje de eangst derût Út: argyf FeRsefariaasje
en lûk de lamme skonken yn.
It lêste wat myn blik noch heint
is ‘t stille hingjen fan ‘t gerdyn.
en lit al myn gedachten frij.
It leste wat myn ear fernimt
is heit syn flok en dat ‘s om my.
syn dreamen bringe fan ferjit
en fan ferjaan en wille wer,
de sliep dy’t leed fersêftsje lit.
dy’t stampt hoe stom, hoe stom ik wie
en hyltyd wer panyk-geraas;
it beste wie ik dea moarnier.
falt eefkes flau op myn gesicht.
In hân lûkt leaf myn dekbed rjocht
en hoeden giet de doar wer ticht.
en stadich krijt de sliep de macht.
De moanne glimket troch it rút,
de dei fan moarn fertrout de nacht.