A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De mol

troch: Jurjen van der Meer

Utfanhûs by pake en beppe,
heit en mem dy moasten fuort.
Toskeboarstel mei, pyama,
knuffels ek, de hiele brot.


’t Is dêr altyd sa gesellich,
we ha faak in protte lol.
En doe frege ik ûnder iten:
‘Sjogg’ jim jûn ek nei De Mol?


No is pake in bytsje dôf en
wat nayf, dy leave pop.
Mar doe ’t ik it oer De Mol hie,
fleure hy ynienen op.


‘Mol, jawis, moat altyd wêze.
Dêr sjoch ik no echt nei út.’
En doe die er âlde klean oan
en ik krig’ in dikke tút.


Fuort wie pake op syn fytske,
en wy hiene gjin idee.
Dat wy sieten sûnder pake
jûns mei sjips foar de tv.


Nei De Mol wie hy werom pas,
blykber achter út it lân.
Grutsk stie pake yn ’e keamer,
mei twa mollen yn ’e hân.