troch: ytsje hettinga
Stram fan oeren sitte yn Achter it stjoer siket er in paad Dan draait er stadich de daam yn fan Hy hâldt stil en heart de útslach koartlyn: Sûzjend lit er it rút sakje. Nei tweintich jier werom yn ‘e maitiid net earder publisearre
de izeren fûgel troch de loft
lit er him meiglydzje op
de rolbaan tusken reizgers.
de stêd út, jachtet oer fiifbaanswegen.
Krijt sicht op lytsere diken,
moat wachtsje foar brêgen.
de reed nei de âld pleats yn ‘e fierte.
Yn tinzen sjocht er heit achterhûs stean en
mem dy’t mei de skelk oer d’ eagen faget.
‘Wy kinne neat mear foar jo dwaan.’
De rook fan krekt meand gers
fjurret in âld langstme yn him oan.
In ljurk sjongt him in wolkomstliet,
skriezen roppe t’letdo t’letdo.
kin er amper siken krije yn it skilderij
dat er foar altyd loslitte moat.