A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De ljurk

troch: Fedde Schurer

Oer de earste sleat, en dan in groppe fierder,
Dêr waait in ljurk út ’t dauwich miedlân op.
Syn tûfe, as de helmplom fan in ridder,
Stiet triljend op syn lytse fûgelkop.

It griene lân, dêr’t bûnte bisten rinne,
De mar, dy’t blikkert yn ‘e fiere dei,
De tûzen kleuren, alles om him hinne
Hy smyt it yn in skreau fan freugde wei.

Hy stiicht, hy stiicht nei jimmer hege kriten,
Hy sjongt, hy júblet boppe sleat en nêst
Hy sjocht yn ’t ein de wite wolken spliten:
Wa hat sa nei ea oan ‘e himel west?

Ut: Oer de wjuk, 2013