A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De Krobbe

troch: Tjitte Piebenga

In grutte krobbe
wenne ûnder in stobbe
mar dat wie him net nei ’t sin
want sa’n hûs wie him te min

Hy gie op reis
en elts húske ûnderweis
beseach er wol mei sân pear eagen
dy pastorije wie te lyts
dat bungalowtsje fûn er kitsch
it pleatske wie him ek al neat
en ’t arbeiderswentsje te ticht by de sleat
de toer te stomp en skuorre te skerp
en ’t mûndershúske te heech op ‘e terp

mar by peazens moddergat
dêr wie ’t my wat, der wie ’t my wat
Want flak by dat grutte moddergat
fûn ús krobbe
wer in stobbe
net sa’n lytsen
net sa’n koarte
mar sa’n mânske
en sa’n swarte
koart sein:
in echte stobbe
foar in krobbe
en sa bleau ús dier
mei plezier
in echte
stobbe-
krobbe

út: FeRs, 2011