A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De Koekoek

troch: Tiny Mulder

De koekoek leit, dat witt’ jim fêst,
Syn aaien yn in oarmans nêst.
In oar briedt út, in oar bringt grut,
Dat let fansels de koekoek neat.

Ien moat de swierste ein dochs tille.
In oar de soargen, wy de wille,
Sa tinkt de koekoek en seit: Frou,
Wy binne fan de soargen ou.

Us aaien lizze goed en bêst
By ’n oarenien yn ’t smûke nêst.
Foar wurkjen is ús skaai te goed.
It sit ús ek net yn it bloed.

 

En krûpt ús neiteam út de dop,
Dan bringe oaren har wol op.
Lit ús no blier en frij tegearre
Ris roppe, dat de minsken ’t hearre.

 

Koekoek! sa klinkt it fier en hein.
Hark! Seit it folk. No komt der rein!

 

Ut: Bitterswiet, 2001

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.