troch: Joop Boomsma
Novimber Der leit in dize oer it gea Bitelân is ‘t hjir, Ynienen is dêr in pleats, in beamwâl Klapperjend wjukje dowen oer my hinne
yn novimber.
Dampich lizze leech de wolken,
lânreek dy’t de bou ferswijt.
Drippen oan ‘e wynbrauwen,
it burd is wiet-
in kuier.
ik fiel de trekkerspoaren oan ‘e soallen
de klaai is keard en griis glânzje
de kluten yn it wiete ljocht.
Hiel licht lykwols
fernim ik noch de rook
fan sipels en fan koal.
en fierderop de kontoeren fan in toer skier.
Dat gjin kleuren
yn novimber.
Dampich lizze leech de wolken,
griis it gea.
De klaai is griis
novimber.
en wurde wei, griis, yn ‘e dize.
It libbet hjir
yn novimber
de rook, de reek, it wiete ljocht
op ‘e kearde klaai.
Mar it is sa griis,
sa griis
novimber.