A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De Keunstfamylje

troch: –

Skilderijen en skulpturen,
byldhouwurken net te min,
ús famylje is sa keunstich,
mar ik wit net wa’t ik bin.
Slacht ús mem hjoed yn ‘e klaai om
en boetseart sy dan in byld,
sit de klaai my yn ‘e earen,
fynt se my dus fierste wyld.
Goait ús beppe mei de ferve,
sis ik: o da’s moai, dat kin ik ek;
fynt se my in grutte griemer,
tink ik: wa is hjir no eig’lik gek.
Stiet ús heit yn ’t hout te hakken,
da’s gjin keunst, dat kin ik ek:
mei de bile of de beitel
haw ik sa in gat yn ’t stek.
En Chantal, myn sleauwe suster,
hat oan eigendunk ek gjin gebrek
fynt harsels sa’n artistike,
tink ik: wa is hjir no eig’lik gek.
Skilderijen en skulpturen,
byldhouwurken net te min,
ús famylje is sa keunstich,
mar ik wit net wa’t ik bin.
Omke seit: ‘do hast it yn dy,
mar it komt der noch net út.’
En ik tink: lit lekker sitte,
‘k stean te mym’rjen foar it rút.
Ik sjoch al dy byldhouwurken
en dan wit ik wat ik sil:
ik wurd hjoed in prachtich stânbyld
en ik hâld my ivich stil.
Sa stean ik wat stil te wêzen
en wat rôp ús heit, dy gek?
Sjochris wat in prachtich famke *,
ja, dat stânbyld makke ik ek!’
Skilderijen en skulpturen,
byldhouwurken net te min,
ik bin no har moaie stânbyld,
ik wit einlik wa’t ik bin.
* of: pracht’ge jonge
(Net earder publisearre)