troch: Sigrid Kingma
De hear en de bear De bear seach de hear De hear koe no kieze Gjin opsje is goed De hear koe net witte Mar de bear socht in maatsje net earder publisearre
dy stiene by in mar
de bear socht nei mear
en de hear nei in kar
en rûn op him ta
hy hie gjin gewear
en de hear alsa
flechtsje of derhinne
hy moast it belieze
dit koe er net winne
mar foarútgong is better
want wa’t flechtet hjoed
hat gjin kar foar letter
wêr’t de bear nei socht
hy koe no sa snjitte
as dat him hjir brocht
en de hear foldie skoan
hy skeat gau in plaatsje
mei syn tillefoan