A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De grutte winsk

troch: Hedzer T. Hooyenga

Ik wol sa graach in hûntsje ha,
mar ús heit seit: “Dat kinst wol ferjitte,
giest altyd al fierste let nei skoalle ta,
do soest dan ek dyn húswurk sloere litte.
En ik kin jûns tink hieltyd op ‘e sjou
mei sa’n rudich hûnebist oan ’t tou.”
Mar ik wol sa graach in hûntsje ha.


Us mem is echt wier deabenaud
foar dingen dy’t op fjouwer poatsjes rinne:
“In hûn yn ‘e hûs, noch foar gjin sekfol goud,
dêr sille wy perfoarst net oan begjinne,
sa’n bist komt hjir net oer de flier,
ik krij de hiele keet fol hûnehier.”
Dochs wol ik sa graach in hûntsje ha.


Elk yn ús klasse hat wol wat,
dy meie dat fansels wol fan har âlden.
Guon ha in knyn, oaren ha in moaie kat,
allegear in bist om fan te hâlden,
mar kom ik jûns thús út skoalle wei,
dan wachtet der gjin krûperke op my.
En ik woe sa graach in hûntsje ha.


As ik letter út ‘e hûs wei gean,
dan sil’ de âldelju har wol besauwe,
mar ik wol folslein op eigen fuotten stean,
ûnder gjin betingst sil ik oait trouwe.
Gjinien dy’t my dan wat ferbiede kin
en ik doch altyd moai myn eigen sin,
want ik wol minstens trije hûntsjes ha!