A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De flachjes fan Maidan

troch: Jurjen van der Meer

Der hat earst grif ien flachje stien.
Doe twa, doe fjouwer, fiif, doe tsien.
In lyts symboal foar soan of man,
foar broer of heit, dêr op Maidan.


Doe hat faaks ien in foto brocht,
in tekening, gedicht betocht.
En der waard skriemd en soms wat sein,
dêr yn Kiëv, dêr op dat plein.


En troch in drone, of troch in bom,
kamen der noch mear minsken om.
Yn sikehûs of flatgebou,
in oseaan fan giel en blau…


Soms is der ien dei gjin alarm.
Is it de stilte foar de stoarm,
of skynt de sinne moarn opnij?
Der kinn’ eins net mear flachjes by.