troch: Jurjen van der Meer
Fan ’t maitiid op in sneontemoarn, ’t wie noch mar amper ljocht, doe hat in frachtwein by ús thús in minykraantsje brocht. In fiver mei Japanske Koi, dat like heit wol wat. En dêrom groef er yn ’e tún dy deis in hiel djip gat. Heit helle foly en in pomp en plantsjes net te min. De wetterfal fan marmer wie ek aardich nei syn sin. En neidat ek it ljocht it die, kaam heit syn slotakkoard. In bak mei tweintich karperkes fan de alderdjoerste soart. Heit sei: ’As ik dy dingen kweek, dan wurde wy noch ryk. In Koi is krekt in keunstwurk en der is net ien gelyk…’ Sûnt juster is de fiver leech, it waard in grutte strop. In ielgoes friet yn ien nacht samar alle fiskjes op.