troch: Ciska Noordmans
Foar de earste kear Foar de wyn nei Akkrum Mar sa’n apparaat? Blyb blyb, it kaartsje skenne Fan it perron yn Grou Fiel ik yn myn tas en bûsen Dêr fiskje ik it út myn jaske
sil ik mei de trein
want op ’e fyts nei Ljouwert
dat is best in ein.
Dêr is myn treinstasjon
Ik keapje dêr in kaartsje
Oars riskear ik fêst in bon.
O godskes, dit is myn debút
Myn pinpas slokt er yn
mar spuit ’m – hoera – ek wer út.
da’s in fluitsje fan in sint
En op it plakje by it rút
sit ik noflik op myn krint!
komt de kondukteur oansjitten
Hy ropt: Jo kaartsjes asjeblyft!
Bliksem, wêr ha ik dy no litten?
Wat die ik dêr no mei?
Ik krij it waarm, gleon en hyt,
swit klotst my út de oksels wei.
Appeltje eitje, dit rint mar as it spoar
Yn Ljouwert druk ik op ’t knopke
Ferdoary, de ferkearde doar!