Sil ik in geheim ferklappe?
Ik wie útfanhûs by Tes.
Wy ha stikem west te stappen
en no ha ik ferkearing, yes!
Us heit en mem witte fan neat,
dy bin’ der poer op tsjin.
Syb is in boeresoan út Sleat
en dat is har te min.
Yn it tsjuster soe it barre:
ik troch ’t finster; ’t woe net rjocht.
Syb siet efter buormans karre,
doe stie heit yn ’t lampeljocht!
Ik hie ’t net mear, ‘k tocht: shit!
hoe moat ik dit no ha?!
Mar heit soe jogge, ’t hâldt him fit,
wy stoden nei de disko ta.
Syb wie stoer; hy dronk wat bier,
joech tútsjes op myn ear.
Hy flúst’re súntsjes yn myn hier:
do bist sa’n skat, mar… ik-wol-mear!
De oare deis ik ta de kast
en brûkte fan mem har make-up.
In strak truike dat krekt past
mei dêrûnder in push-up.
Ik fielde my in topmodel,
noch wat glitter by myn ear
en in rinkje troch it fel.
Moai, sei Syb… mar ik-wol-mear…
Doe om skuon mei hege hak,
oei, wat dien’ myn tiennen sear!
By in rap-song wie it ‘krak’
en de wurden: ik-wol-mear…
Wat moat ik no, ‘k bin trettjin jier
aanst reitsj’ ik him noch kwyt,
mar wat hy wol, giet my te fier…
ik bin fereale; hy hat byt!
It wie myn alderearste kear
dat ‘k it sjen liet oan in fint,
mar no wol ik echt net mear
fierste djoer, sa’n permanint!