Alle dagen gean ‘k nei skoalle,
alle dagen op ‘e fyts.
En se komm’ fan alle kanten,
al dy minsken grut en lyts
fleane my foarby yn ’t libben
ûnderweis nei dat of dit;
stoarje blyn op harren smartphone
sis no sels: eins is dat shit!
Mar ynienen: dêr komt Silke
hiel relekst, alhiel net drok,
mei in smile en mei in knypeach;
’t Is de dei fan myn gelok.
Alle dagen haw ik húswurk,
alle dagen monotoan:
jirpels, griente, in gehaktbal,
want heit yt it leafst gewoan.
Jûns is ’t Lingo – wat in spanning –
en fansels: GTST.
’t Is in soap, myn eigen libben,
mar sa saai: niks foar TV.
Mar ynienen: dêr is Silke
– en myn hert dat krijt in skok –
winkt my noch in tel nei bûten,
op ‘e dei fan myn gelok.
No, mei Silke om my hinne
bin de dagen fol fan lok,
sweevje ik de dei temjitte:
sûnt dy dei fan myn gelok.
net earder publisearre