troch: Ina Hoks
‘Shit!’ Fergees taast Hilda yn har bûse. ‘No moat ‘k myn fyts hjir efterlitte… De oare deis dan is ‘t al mis: Dy seit: ‘Myn skat, ha mar gjin noed, ‘s Nachts mei ark en in bûslampe Hy reaget mei de túnklauwer Hy tôget mei de fyts troch ‘t doarp. Moarns ier al giet syn tillefoan,
‘Dêr hie’k him dochs, safier ‘t ik wyt…
Dy ferhipte fytskaai ek,
ik bin dat rotding wer ris kwyt!’
O, wat fyn ik dit no stom!
Want by dizze bushalte
spoeket ‘s nachts fan alles om…!’
by de halte stiet gjin fyts.
Yn triennen skillet Hilda gau
har leave freontsje Syts.
al soe ‘k net witte wa ‘t soks docht,
al leit er dêr ek yn ‘e sleat…
dy fyts komt wer foar ‘t ljocht!’
giet Sytse op ‘en paad.
‘t Is stil en tsjuster by de sleat,
yn ‘t wetter falt syn skaad.
en tûmelt hast foaroer…!
Nei oeren hat er einlings byt,
it wie in poepetoer!
Jout gjin lûd; de nacht is hoar.
Stil set er him op Hilda’s hiem.
Syn leafste pop, dêr docht er ‘t foar.
in leave stim seit: ‘Syts,
wat goed fan dy! Mar skat…
dit is in manljusfyts!’