A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De blompot

troch: Piter Boersma

ik ha in skuor
har man hat my dochs
mei de oaren yn it hok set
útstel fan eksekúsje
begjin april
noch even
dan meie wy wer
mar sy sil my oan diggels slaan
oer in pear wike sil ik
ûnder yn ‘e oare potten
fersille lizze
en oars takom jier wol
it is moai
dat men sa noch meidwaan kin


jier oan jier waard
in nije granium yn my potte
wat in freugde
en jier oan jier
sil ik no in plakje krije
boppe it gat
fan fêst in pot of fiif
wat in gelok


(út: Stjoer de strjitmakker)

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.