A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De bêste broer fan ‘e wrâld

troch: Berber Spliethoff

Do sitst altyd yn in rolstoel.
Dyn spieren wurkje net as dy fan my.
Do kinst net drinke út in beker,
mar krigest der altyd in reidsje by.


Do praatst mei rare lûden
en sjongst de hiele dei.
Klapst mei stive earmen,
dyn hiele lichem docht dan mei.


Ik wol mei dy de stêd yn,
of nei it swimbad ta.
Mar do makkest rare lûden.
Wa wol der no sa’n broerke ha?


Gewoan in kear in filmke pakke.
Dûnsje, hurdrinne, it makket net út.
Mar myn broer draacht in ruft
en kin de rolstoel net út.


Dyn laitsjen galmet troch it hûs.
Do bist altyd op’t skik.
Wy ha de grutste wille.
Wa hat der sa’n broer as ik?


Ek al kinsto dan net rinne,
dript de flibe fan dyn kin.
Ik soe it net oars wolle.
Do bist it coolste broerke dat ik ken.


Sjong do mar en laitsje.
En al wurdsto dan net âld.
Do bist it allerleafste broerke.
De bêste fan de hiele wrâld.


(net earder publisearre)