Jitske wenne mei har heit
(hy wurke by Steatsboskbehear)
Yn in húske by de Deelen.
Krij de bûsdoek mar fêst klear.
Jitske boarte by de skuorre,
Jitske boarte by de feart.
Dat mocht bêst, se hie yn Ljouwert
jierren lyn al swimmen leard.
Jitske boarte mei har frisbee,
tuerlik mocht dat wol fan heit.
Jitske dy mocht oeral komme,
mar se mocht net yn it reid.
Want it reid dat wie gefaarlik,
reid dat groeit op weake grûn.
Der binn’ hiel wat lytse berntsjes
samar yn ’t moeras ferdwûn.
No, jim riede ’t al, dy middeis
fleach de frisbee krekt te fier.
En dêr lei er yn ‘e reiden,
op ‘e wiete sompe-flier.
‘”k Wol him eins al wer werom ha,
’t is sok aardich boartersguod.’
’t Lêste stapke hie net moatten,
en sa sakke Jitske fuort.
En har heit koe har net helpe,
want dy wie der eefkes net.
En sa ha se yn de Deele
nea wer wat fan Jitske heard.
Inkeld as it yn ‘e jûntiid
troch de reiden hiel hurd waait,
dan is ’t krekt as hearst har roppen,
dan ropt Jitske om har heit.
(Ut: Freedtemiddei frij, 1996)