A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

De acht hynders fan it Amelân

troch: Tsjits Peanstra

Wa’t op it eilân Amelân
it skeane paad lâns giet,
sjocht dat dêr tichteby it strân
in âlde tinkstien stiet.

De letters binne hjoeddedei
hast amper mear te lêzen,
mar elkenien op ’t eilân wit
wat oft dêr op dy tinkstien stiet,
wat oft dêr falt te lêzen.

’t Is bard dat- al wer jierren lyn,
’t wie op in simmerjûn-
de bêste hynders dy’t der wien’
ferdronken en ferdwûn’n.

Sterk oan de stringen, dreech en stoer
hongen se yn ‘e beage,
en lutsen se fan ’t fêste stee
de rêdingsboat nei djippe see
en binne sa ferteage.

De see kaam op, de loft waard swart:
‘In hynder!’ raasden guon.
De see gyng ôf- en út it gat
ferriisde Poseidon.

Nòch wit men op it Amelân
hoe’t hy de bisten liede
en de acht hynders by de team
mend’ oer de weagen, troch de stream,
en nei syn rykdom fierde.

Der kaam in tinkstien by it strân
dy’t dêr ta eare stiet
foar de hynders fan it Amelân
sadat men net ferjit.

Nòch lêst men op de stien:
Yn wiere trou waarden acht hynders ien,
ha’s yn dy trou mear as har plichten dien,
as minskerêders harren taak ferstien.
De see dy jout en nimt…sa is it gien.

(Út: Neierhân, 1999)