A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Cruijff

troch: Syds Wiersma

By syn ferstjerren,
24 maart 2016

Cruijff is dea.
Dat kin net.
Hy sit yn myn lea.

 

As ik de bylden weromsjoch
fiel ik syn frêle macht
kommen yn myn skonken.

 

De fersnelling mei de bal,
ynhâlde, even,
dan it kwiksulver
fan de rush,
de linige sprong
oer it skearmes fan in poat.

 

Dat magistrale frij brekken
mei de weach troch shirt en hier,
it godlik wyt fan syn Ajax broekje,
de pass, it skot,
de keunst fan de kurve
mei bûtenkante wreef.

 

As sa’n baltsje slagget
op in fjildsje, pleintsje,
tsjin in garaazjedoar,
dan jûchheit it yn myn hert,
gloeit it troch myn bonken.

 

Cruijff is dea.
Dat kin net.
Hy sit yn myn lea.

 

net earder publisearre

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.