Ik woe dat ik in chip hie
Sa ’n kraaltsje achter it ear
fan hûnderttûzen gigabite
en miskien noch wol mear.
By toetsen en tentamens
hie ik grif alle fragen goed
en oer it swiere eineksamen
siet ik langer net yn noed.
Ik woe dat ik in chip hie
Sa ’n technologysk apparaat
dan sei ik flot it antwurd
fan ‘a-kwadraat plus b-kwadraat’.
Fûn frjemde wurden wit hoe gau,
yn minder dan in tel.
Myn antwurd op:
I ‘ll put you down
wie rap: Ik slach dy del!
Ik woe dat ik in chip hie
sa’n knoopcel yn ‘e noas
grôtfol mei ynformaasje
in mega google-doas.
Ik hie fan alle lannen
fan Fryslân oant Quatar
de nammen sa foar hannen
de haadstêd derop ta.
‘k Woe wier dat ik in chip hie
dan wie ik grif in wûnder
en der sa oan ferslingere
dan koe ik nea wer sûnder!
Mar baas dêroer dat bliuw ik wol
dêr kin ik sels yn kieze.
Soms stiet er út, soms is er oan
want minsken hâlde fan gewoan
net fan dat eigenwize.
Dus as ik nei in feestje sil
dan giet dy chip op stil!
net earder publisearre